Start nijbou Beetstersweach

Oan de Skeakel Beetstersweach is freed offisjeel úteinset mei de bou fan 65 wenten. Dit gebeurde troch de ûntbleating fan de earste stien. Offisjeus wie de oannimmer al in skofke dwaande mei de bou. Dêrby giet it foarearst om een appartemintekompleks mei 22 hierwenningen en 10 keaphuzen.
It projekt helle earder it nijs, omdat der besocht waard de bou en it kappen fan beammen te kearen.