'Minder kontrôles op snelheid'

08 okt 2010 - 19:15

De plysje yn Fryslân oerwaget minder kontrôles op snelheid te hâlden. Dat sei direkteur hânhavenje Gerhard van Hoeven fan plysje Fryslân freed op in sympoasium oer ferkearsfeiligens yn Ljouwert. Neffens Van Hoeven moatte de radarkontrôles altyd yn it belang wêze fan de ferkearsfeiligens, mar dat is lang net altyd it gefal.

It gefolch is in soad lytse boetes foar it oertrêdzjen fan de snelheid, werfan't net dúdlik is werom't se jûn binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)