Unrêst om Cambuur hinne

08 okt 2010 - 18:01

Om Sportklup Cambuur hinne is it wat ûnrêstich. Dat seit trainer Stanley Menzo yn in wiidweidich interview mei Omrop Fryslân. Neffens Menzo hat de ûnrest te krijen mei minsken dy't teloarsteld en kritysk binne. De trainer hat gjin muoite mei krityk mar fynt wol dat dy nuansearre wêze moat.

Menzo fernuveret him wol oer de krityk omdat Cambuur mar trije punten achterstân op de koprinner hat. Menzo freget him ôf hoe't dat by oare klups is dy't yn ferlykbere situaasjes sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)