Japanske studinten yn Sleat

08 okt 2010 - 16:45

In groepke Japanske studinten boukunde wie freed drok oan it wurk yn Sleat. Se binne in pear wike yn Fryslân om de Alve Stêden te ûndersykjen. Sa sjogge se nei de bebouwing en nei de konneksje tusken de Alve Stêden.

Twa wiken lang binne se yn Fryslân om de Alve Stêden te besjen, om de ûntwikkeling fan monumintale stêden te ûndersykjen. De wichtige rol fan it wetter fine se nijsgjirrich. Mar ek âlde húskes wurde ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)