Gratis ID-kaart ramp gemeenten

08 okt 2010 - 13:54

De identiteitskaart fergees meitsje soe in ramp wêze foar de gemeenten. Sa seit foarsitter Van der Zwan fan de Feriening fan Fryske gemeenten. De rjochtbank yn Den Bosch sei tongersdei dat de kaart fergees wurde moat om't gemeenten sels in grutter belang hawwe by de kaart as de boarger.

Dat soe de gemeenten in strop opsmite fan inkele tonnen per jier, sa tinkt Van der Zwan. Ek om't der dan folle mear minksen in identiteitskaart oanfreegje sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)