Tsjerken noch net ticht

De Ljouwerter Koepeltsjerke
It is noch mar de fraach oft fjouwer tsjerken yn Ljouwert echt op koarte termyn tichtgeane. Dat wie al de bedoeling, mar beswiermakkers hawwe mei súkses protestearre.
In beswierskriftekommisje hat it beslút oer de sluting ferneatige. Dêrtroch is de sluting fan de Fenikstsjerke, de Adelaarstsjerke, de Pelikaantsjerke en de Koepeltsjerke yn Ljouwert ûnwis wurden. De Algemiene Tsjerkeried fergadert der op 18 oktober oer