Funbussen dochs wolkom

08 okt 2010 - 12:21

De saneamde Funbussen, dêr''t supporters fan VV Katwijk sneon mei nei De Harkema komme, binne dochs wolkom. De gemeente Achtkarspelen hie earder middels in needbefel witte litten dat de beide bussen de gemeente net yn mochten. Yn de bussen wurdt bier skonken en de eangst wie dat supporters dronken oankomme soenen.

De Katwijkse fuotbalklup hat no tasein dat der stewards meireizgje om tasicht te hâlden. VV Katwijk spilet sneon de wedstryd tsjin Harkemase Boys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)