Hûs Nij Beets te keap

08 okt 2010 - 12:05

It hûs yn Nij Beets, dêr't Sietske H. jierrenlang mei har âlden wenne hat, is fan moandei ôf te keap. Op de souder fan de wenning waarden begjin augustus fjouwer deade poppen yn koffers fûn.

It hûs oan de Van Eedenstrjitte is op dit stuit noch yn eigendom fan wenningbouferiening Elkien. Hierders fan Elkien krije foarrang om it hûs te keapjen en hawwe dêrfoar in wike lang de tiid. Dêrnei giet it yn de frije ferkeap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)