Fragen PVV oer komst azc

08 okt 2010 - 11:57

De PVV hat yn de Twadde Keamer fragen steld oan demisjonêr minister Hirsch Ballin oer de mooglike komst fan asylsikersintra yn Feanwâlden en Dokkum. De oanbelangjende gemeenten ûndersykje oft se sa'n 400 asylsikers opfange kinne yn duorsume huzen.

De PVV fynt dy oantallen fierste grut foar de plattelânsgemeenten. De partij seit dat oerlêst en kriminaliteit yn it gebiet tanimme as de asylsikers der komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)