Van de Ree listlûker D66

08 okt 2010 - 07:29

Marieke van de Ree is tongersdeitejûn keazen ta listlûker fan D66 by de steateferkiezings takom jier maart. De útslach fan de stimming waard op de regiofergadering op It Hearrenfean bekend makke.

Marieke van de Ree wennet op 'e Gordyk en is ynnovaasje-adviseur foar it ûnderwiis. Sûnt 2006 wennet Van de Ree yn Fryslân. Dêrfoar hat se 25 jier yn de binnenstêd fan Amsterdam wenne. Yn septimber 2009 is se lid wurden fan D66.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)