Gjin beslút yn Middelseeferbân

07 okt 2010 - 22:12

De ried fan Ferwerderadiel hat it beslút oer mear gearwurking yn Middelseeferbân útsteld. Se wolle earst mear dúdlikheid oer de finânsjes, de takomstige organisaasje en it foech dat de rieden hâlde. It kolleezje moat dit útsykje en dan prate se mei in wike as fjouwer wer oer it foarstel.

De Middelseegemeenten Ljouwerteradiel, It Bilt en Menameradiel hawwe tongersdeitejûn wol ynstimd mei it foarstel ta fierdere gearwurking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)