Top provinsje lytser

07 okt 2010 - 17:26

De direksje fan de provinsje Fryslân bestiet sûnt 1 oktober net mear út fjouwer, mar út trije leden. De provinsje wol dat de organisaasje kompakter en fleksibeler is en dêr past ek in lytsere direksje by. Boppedat is it ek in besuniging.

De provinsje moat oer 2011 seis miljoen besunigje op de eigen organisaasje. De definitive direksje wurdt no foarme troch Guus van den Berg, Oeds Bijlsma en Jan van der Weij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)