Fernuvere oer Alde Feanen

07 okt 2010 - 16:35

Neffens de gemeente Tytsjerksteradiel passe de Alde Feanen it bêste by har gemeente. Woansdei wie it foarstel fan B&W fan Boarnsterhim om it gebiet oer te dwaan nei Ljouwert. It natuergebiet heart op dit stuit by Boarnsterhim, mar dy gemeente wurdt opdield.

Earst wie it idee om de Alde Feanen ûnder Tytsjerksteradiel falle te litten, mar dêr is Boarnsterhim op werom kaam. Oant 1984 foel it gebiet ûnder Tytsjerksteradiel dy't boppedat in soad yn de Alde Feanen ynvestearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)