Hamburger: 'oar dopingsysteem'

07 okt 2010 - 14:37

It systeem foar ûnferwachte dopingkontrôles foar topsporters is ûndúdlik en moat feroarje. Dat seit toproeier Sjoerd Hamburger nei oanlieding fan in grutte enkête ûnder topsporters yn Nederlân. Sa'n 400 Nederlânske sporters moatte it hiele jier te finen wêze foar kontrôles.

Neffens Hamburger bringt dat in soad praktyske problemen mei him mei. Om't net dúdlik is wat der wol en net mei, kin dat liede ta in ûnterjochte skorsing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)