Garnalefiskers berikke akkoart

07 okt 2010 - 12:48
  • Fiskers moarns betiid yn aksje

Fryske garnalefiskers hawwe tongersdei aksje fierd tsjin de lege kiloprizen fan garnalen. Se blokkearren fan 5 oere moarns ôf de poarten by gruthannels Heiploeg yn Zoutkamp en Klaas Puul yn Volendam. Dy soene fierste min betelje foar de garnalen.

Nei in pear oeren kamen de fiskers en de gruthannels ta in akkoart. De kilopriis is omheech gien fan 2,25 euro nei 2,75.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)