Fokker grutsk op 'syn' Totilas

07 okt 2010 - 12:35

It alderbêste dressuerhynder fan de wrâld komt út Broeksterwâld. It hynder wûn okkerdeis trije gouden medaljes op de Wrâldruterspullen yn Kentucky. It helle wrâldrekôrs en der is sels in boek oer: The Living Legend.

Totilas is no tsien jier, mar hat hiel dúdlike Fryske 'roots'. It hynder waard yn Broeksterwâld fokt troch Jan en Anna Schuil. Op 5-jierrige leeftiid ferkochten se it hynder, mar se folgje it noch op de foet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)