Ruten skoalle ynsmiten

Fan in skoalle oan de Antillenwei yn Ljouwert is woansdei in tal ruten fernield. Tsjin fiven kaam der in melding fan in ynbraak. Doe't de plysje by de skoalle kaam, die bliken dat it rút fan de tagongsdoar fernield wie. Oan de achterkant wie it rút fan in gymnastyklokaal ynsmiten.
Earder dy dei wiene ek al twa ruten yngoaid oan de foarkant fan de skoalle. De plysje is op syk nei tsjûgen.