Twa himpkwekerijen oprôle

07 okt 2010 - 10:32

De plysje hat woansdeitenacht twa himpkwekerijen oprôle, ien yn Drachten en ien yn Garyp. Yn Garyp fûn de plysje yn in skuorre njonken in wenning oan de Tuije hast 250 planten. Ek trof de plysje fiif kilo himp oan.

De bewenners, in man en in frou fan 50 jier, binne oanholden. Twa Mercedessen binne yn beslach naam omdat dy nei alle gedachten betelle binne mei de winst fan de hennepteelt. Yn in wenning oan de Wetterwille yn Drachten hat de plysje goed 30 himpplanten fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)