Mooglik azc yn Feanwâlden

07 okt 2010 - 10:25

Dantumadiel ûndersiket de kommende moannen oft it mooglik is 400 asylsikers te húsfesten yn Feanwâlden. De 400 soene komme moatte yn de wenwyk dy't Dantumadiel oan de eastkant fan it doarp oanlizze wol.

Doel is dêr sa'n 50 oant 100 huzen te bouwen spesjaal foar de asylsikers. Dy soene der sa'n tsien oant fyftjin jier wenje moatte, wêrnei't de huzen yn de ferkeap gean. Dantumadiel ûndersiket de kommende moannen oft de bou finansjeel helber is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)