Frou oppakt foar bedriging

De plysje hat woansdei in frou fan 41 jier út Frjentsjer oanholden yn har wenplak foar bedriging. Yn in supermerk yn de stêd hie de frou it personiel mei de dea bedrige. Neffens de meiwurkers like de frou yn 'e war. De plysje gie achter de frou oan en seach har oer de Voorstraat rinnen. Se raasde en klaude yn jiskebakken om.
De plysje hat de frou oppakt en meinaam nei it buro. De GGZ sil har ûndersykje.