Spesjalisten fiere aksje

It grutste diel fan de medysk spesjalisten yn Fryslân draait tongersdei sneinstsjinsten. Dat betsjut dat se allinne helpe by spoedgefallen. De spesjalisten dogge dat as protest tsjin plannen fan de Twadde Keamer om de soarch yn sikehuzen oars op te setten.
De medysk spesjalisten reitsje troch de plannen de einferantwurdlikens oer de soarch kwyt. Se binne benaud dat de kwaliteit dêrtroch achterút giet. Ek lanlike fiere spesjalisten aksje.