Reklameregels yn Dongeradiel

Lytse buorden meie noch wol yn Dongeradiel
De regels foar it meitsjen fan reklame yn it bûtengebiet fan Dongeradiel wurde stranger. Foar elke reklame-utering dy't grutter is as in heale fjouwerkante meter moat tenei in fergunning oanfrege wurde. Dêrby jildt dat ljochtreklame net tastien is, de reklame net te opfallend wêze mei en it yn ferhâlding stean moat mei it gebou dêr't it by stiet. Flaggemêsten meie tenei allinne noch delset wurde by bedriuwen mei hoareka, kultuer en rekreaasje.