Van der Zaag waarnimmer

Pieter van der Zaag
Ald-boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân is beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Winsum yn Grinslân. Hy ferfangt dêr boargemaster Michels, dy't mei sykteferlof is. De Grinslanner kommissaris fan de Keninginne Van den Berg wol dat syn wurk oernaam wurdt, omdat der belangrike projekten rinne en der besunigingen trochfierd wurde moatte.
De ferwachting is dat Van der Zaag oant begjin takom jier yn funskje wêze sil yn Winsum.