17e ieuske eachkleppen fûn

06 okt 2010 - 19:07

Op in taksaasjedei spesjaal foar Frysk sulver, binne twa 17e ieuske sulveren eachkleppen foar hynders foar it ljocht kaam. De eachkleppen binne mei de hân makke en gravearre. Se binne net merkt mei in masterteken en in jierletter. Sadwaande is it hiel dreech om te achterheljen wa't de sulversmid west hat.

De eachkleppen ha nei alle gedachten in priis west op ien of oar hynste-evenemint. De eachkleppen wurde moandei feild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)