Boarnsterhim út reade sifers

06 okt 2010 - 17:09

Boarnsterhim slút de begrutting foar takom jier mei in posityf saldo ôf fan hast 240.000 euro.

Foar it earst sûnt tiden is de gemeente út de reade sifers. Dat giet inkeld op as sjoen wurdt nei de rekkensom fan de normale útjeften en ynkomsten. De gemeente sit noch hieltyd mei miljoenen euro's tekoart fanwege achterstallich ûnderhâld. Dêrfoar wurdt rekkene op help fan it ryk. Der wurde nije skoallen yn Warten en Jirnsum boud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)