Alde Feanen nei Ljouwert

06 okt 2010 - 17:03

Natuergebiet De Alde Feanen liket dochs oer te gean nei de gemeente Ljouwert. Earder stelden b. en w.fan Boarnsterhim foar by de opdieling fan de gemeente it gebiet oer te dwaan oan Tytsjerksteradiel.

It nije foarstel is der kaam om't Grou en Warten fine dat sy in belangrike relaasje mei De Alde Feanen ha. De twa doarpen giene al oer nei Ljouwert. De gemeente Ljouwert hat earder al oanjûn graach eigner fan it natuergebiet wurde te wollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)