Minder besikers Kameleonpleats

De Kameleonbuorkerij yn Terherne hat yn syn earste seizoen minder besikers lutsen as ferwachte wie. Sa'n 15.000 minsken ha der west. De âlde pleats fan it eardere Kameleondoarp en it sânstrân steane no los fan it aventuere-eilân en de rûnfeart.
Bedriuwslieder De Smet wol mei in nij konsept wat dwaan oan it weromrinnend tal besikers fan it eardere Kameleondorp. Troch te ynvestearjen yn attraksjes en goede hoareka, hope De Smet dat der mear minsken komme soene.