'Byb Beetstersweach ticht'

De biblioteek fan Beetstersweach giet ticht. Alteast as de besunigings fan Opsterlân de kommende jierren trochgean. Dat seit direkteur Postma fan de biblioteek. De gemeente moat miljoenen besunigje. De byb krijt alle jierren tsientûzenen euro's minder.
Opsterlân hat ek biblioteken yn Oerterp en op De Gordyk. Dy yn Beetstersweach is de lytste. De direksje hopet dat de gemeenteried de besunigings keare sil.