Proses-ferbaal foar brân ôffal
Tsjin in man (58) út Nes hat de plysje tiisdei proses-ferbaal opmakke. Hy wie by in pleats oan de Soarremoarre smoargens oan it ferbaarnen. It fjoer wie oerslein nei in grutte partij autobannen. Der lei sa'n fiif kúb oan bannen op it terrein. De brân soarge foar in soad reek.
De brânwacht hat it fjoer útmakke. Net ien rekke ferwûne.