Himpkwekerij yn Aldeboarn

06 okt 2010 - 09:56

Yn Aldeboarn hat de plysje tiisdei yn twa manlju oanhâlden fanwege it kweken fan hennep. It giet om in 48-jierrige man út Amstelveen en in 59-jierrige man sûnder fêst wenadres.

Troch in anonime tip waarden de twa fertochten oanhâlden. Op de boppeferdjipping fan de wenning oan de Doelhofwaard waard de himpkwekerij fûn. De twa fertochten sitte yn ferbân mei ûndersyk noch altyd fêst. De planten binne yn beslach naam en ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)