Oerlis oer weidzjen Flylân

De diskusje oer de útwreiding fan it weidzjen op Flylân krijt in nije start. Dizze simmer ûntstie der opskuor op it eilân oer de plannen fan Steatsboskbehear foar de útwreiding fan it weidzjen fan Skotske Heechlanners en Soay skiep yn de dunen. Nei in ôfkuolperioade liket de tiid no geskikt om de diskusje wer op te starten.
Der sil earst in beslút komme moatte oft útwreiding echt wol winsklik is. Alle partijen meie dêroer meiprate.