Bibleteek Kollumersweach ticht

05 okt 2010 - 20:31

De bibleteek fan Kollumersweach giet yn 2012 ticht. Dat is ien fan de besunigings dy't de gemeente Kollumerlân foarstelt om de begrutting fan 2011 slutend te krijen. De sluting fan de bibleteek smyt in besuniging fan 80 tûzen euro op. De skoalle yn Kollumersweach krijt dêrfoar yn it plak in skoalmediateek.

Oare besunigings dy't de gemeente foarstelt treffe de eigen organisaasje, it ûnderhâld fan it grien en de riolearring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)