Nije foarm fan muzykûnderwiis

05 okt 2010 - 13:54

Smellingerlân komt mei in nije foarm fan muzykûnderwiis foar learlingen fan beukerskoalle oant en mei it konservatoarium. Dêroan dogge ROC Friese Poort, skoallemienskip Liudger en Singelland, it sintrum foar de keunsten De Meldij en it konservatoarium yn Grins mei.

Doel is om muzyktalint earder te ûntdekken en te begelieden. De inisjatyfnimmers tinke dat bern der profyt fan hawwe en dat der sa ekstra mooglikheden komme foar jong talint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)