Bou replika Willem Barentsz

05 okt 2010 - 12:03
  • Foto's: Wytse Vellinga, Omrop Fryslân

Yn Harns wurdt in replika fan de Willem Barentsz makke. It 16de-ieuske skip is bedoeld as publykslûker. De bou sil trije jier duorje en it skip leit oan 'e Willemskade.

De twa miljoen euro foar de bou is der noch net. Troch ynset fan in soad frijwilligers hoopje de inisjatyfnimmers de kosten te drukken nei oardel miljoen. Alhoewol't der noch mar inkelde tsientûzenen euro's klear stean, binne se tiisdei al begûn mei it seagjen fan 'e kyl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)