Undersyk nei oerfal Grou

De Meerwei mei it hûs fan 'e oerfal
De plysje is yn Grou dwaande mei it ûnderfreegjen fan tsjûgen fanwege de oerfal op in 89-jierrige frou. De oerfal wie moandeitejûn. Der is tiisdei ek in buertûndersyk.
De frou waard tsjin achten yn har hûs oan 'e Meerwei oerfallen en tsjin de grûn wurke. De oerfaller easke jild en is dêrnei útnaaid. De plysje hat noch gjin spoar fan de dieder. De frou is licht ferwûne rekke, mar hoegde net nei it sikehûs.