Stroetinga siket nije ploech

05 okt 2010 - 10:13

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap sit kommend seizoen sûnder ploech. Syn team Milram is der net yn slagge om foar takom seizoen in nije sponsor te finen. Milram is wol fan doel yn de takomst mei in nije hurdfytsploech te kommen.

Stroetinga is no op syk nei in nij team. Syn ploechmaat Servais Knaven hâldt op mei fytsen, wylst Niki Terpstra ferhuzet nei Quick-Step.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)