Gjin nije natuer Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
Der komme foarearst gjin nije natuerplannen yn Achtkarspelen. De boeren yn dy streek binne der bliid mei. Dat liet deputearre Konst moandei witte op in byienkomst fan LTO-Achtkarspelen yn Droegeham. De boeren wiene foaral benaud foar de plannen fan de Robuuste Natte As, in gebiet fan De Lemmer nei it Lauwersmargebiet. Dêrby wurdt lânbougrûn ûnder wetter set. Yn it regearakkoart is minder jild foar oankeap fan grûn beskikber.