FNP yn noed oer bibliobus

05 okt 2010 - 06:46
  • De bibliobus fan Boarnsterhim

De FNP yn Boarnsterhim makket him grutte soargen oer it mooglik ferdwinen fan de bibliobus yn de doarpen fan de gemeente. Neffens de partij is it fuortbesunigjen in grutte oanslach op de leefberens yn de doarpen.

De FNP is benaud dat bern folle minder lêze as se gjin boeken mear liene kinne yn 'e bibliobus. De partij ropt it kolleezje op om mei oare besunigings te kommen om sa de bibliobus behâlde te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)