Litouske gemeente yn It Bilt

Gemeentehûs It Bilt
De gemeente It Bilt ûntfangt tiisdei offisjeel in delegaasje fan 30 minsken út Litouwen. It giet om ynwenners fan de gemeente Penevezys Rajonas, dêr't It Bilt in gearwurkingsferbân mei hat. De minsken út Litouwen krije te hearren wat It Bilt de lêste jierren dien hat oan kuier- en fytspaden, boarterstunen, parkjes en it opknappen fan lytse bedriuweterreinen.
Doel is dat se mei dy kennis yn Litouwen ek besykje sokke foarsjenningen op te setten.