Nije bondel Wind oer twa wike

Harmen Wind (foto: Tresoar)
Der komt yn elts gefal noch ien dichtbondel fan de freed ferstoarne dichter Harmen Wind. Dat seit útjouwer Ernst Bruinsma fan de Afûk. De bondel hat de tapaslike titel 'Heech Tiid' en wie al sa goed as klear.
Neffens Bruinsma hat Wind it boekje wol digitaal sjoen, mar hat er it spitigernôch net mear echt yn hannen hân. It boekje moat oer twa wike yn de winkel lizze. Wind ferstoar freed op 64-jierige leeftiid yn syn wenplak Doesburch.