Skriuwer Harmen Wind ferstoarn

Harmen Wind (foto: Tresoar)
Skriuwer Harmen Wind is ferstoarn. Wind skreau poëzij en romans yn it Frysk en it Nederlânsk. Hy wie jierrenlang poëzij-besprekker foar de Ljouwerter Krante en foar it tydskrift de Moanne. Yn 2003 krige Harmen Wind foar syn Nederlânsktalige roman 'Het Verzet' de Debutantepriis.
Trije jier letter krige hy de Rink van der Veldepriis foar de Fryske ferzje fan it boek, 'It Ferset'. Wind is ferstoarn oan in slimme sykte. Hy is 64 jier wurden.