Gaos nei autobrân op A7

04 okt 2010 - 09:26

Op de A7 by Lúkswâld is sneintejûn in gaos ûntstien nei in autobrân. Troch ûnbekende oarsaak bruts der brân út yn in auto, de bestjoerder koe himsels op 'e tiid yn feilichheid bringe.

Troch de brânende auto ûntstie der in file op de autodyk. Ien automobilist seach dat te let en botste op de auto foar him. Gjinien rekke ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)