Mariska Kramer twad op NK

03 okt 2010 - 18:09

Atlete Mariska Kramer fan Drachten is yn Breda twadde wurden op it Nederlânsk kampioenskip heale maraton. Kramer gong nei Breda foar in poadiumplak en in nij persoanlik rekôr.

Troch in dreech parkoers en in protte wyn siet in nij persoanlik rekôr der net yn. Dizze wedstriid wie ek in tarieding foar de maratons yn Amearika dêr't Kramer yn oktober en novimber oan meidwaan sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)