SC Hearrenfean-ADO: 0-0

Ron Jans syn ploech kaam net ta skoaren
De doelpunten wiene snein djoer yn it Abe Lenstrastadion. By de wedstriid tusken SC Hearrenfean en ADO Den Haach waard net ien kear skoard. It wie in teloarstellende wedstriid. De ploech fan trainer Ron Jans krige wol kânsen. De bêste kâns wie yn de 47e minút foar Bas Dost. De doelman fan Den Haach tikke de bal lykwols mei syn fingertoppen út de goal.
SC Hearrenfean hat 10 punten út 8 wedstriden.