Karateka Pels 4e yn Tokyo
Karateka Gert-Jan Pels (29) út Snits hat snein yn it mekka fan de karatesport Tokyo it fjirde plak helle. Yn in sterk beset All Japan Open ferlear er de striid fan Richard Tineo út Spanje.
Pels wûn de Spirit Award as de karateka mei de measte striidlust. De Snitser traint by Sportklup F en F The Inner Way.