Mariaprosesje yn Ljouwert

03 okt 2010 - 13:35

Yn Ljouwert is snein in Mariaprosesje hâlden. Dat wie 450 jier foar it lêst dien. By dy prosesje waard it 500 jier âlde byldsje fan Onze Lieve Vrouwe fan Ljouwert troch de stêd droegen. It byld wurdt bewarre yn in kapel fan de katolike tsjerke fan Ljouwert.

Yn de prosesje rûnen goed 160 minsken mei, wêrûnder mistsjinners, muzykkorpsen, prysters en biskop De Korte fan Ljouwert en Grins. In soad minsken sleaten har by de prosesje oan. Oan de kant stie in soad publyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)