V/d Ham: 'Ferrier mei bliuwe'

CDA-er Kathleen Ferrier moat yn de Twadde Keamer-fraksje bliuwe. Dat fynt Ad van der Ham, fraksjefoarsitter fan it CDA yn provinsjale steaten. Neffens him is it goed dat ek leden dy't tsjin de gearwurking mei de PVV binne, fertsjintwurdige wurde.
Sneon waard op it partijkongres yn Arnhem dúdlik dat in mearderheid fan de CDA-ers foar gearwurking mei de PVV is. De Fryske CDA-ers ha ferdield stimd. Tiisdei nimt de fraksje yn de Keamer it definitive stânpunt yn.