Ungelok mei hynder en wein
By in ûngelok mei in hynder en wein binne sneon twa minsken ferwûne rekke. It giet om de bestjoerder (42) en in passazjier (37) fan de wein. Dy rekke troch ûnbekende oarsaak op de Wattingaleane yn Penjum yn in sleat.
Beide ferwûnen binne oerbrocht nei it sikehûs. It hynder koe sûnder ferwûnings út de sleat helle wurde.