Fûgelteldei yn Europa

Yn Europa is it sneon fûgelteldei. Tsientûzenen frijwilligers yn Europa dogge mei oan de saneamde Birdwatch. De telling wurdt krekt yn dizze tiid fan it jier hâlden, om't der in soad fûgels binne.
Der binne noch fûgels dy't hast rjochting it suden geane en de earste briedfûgels út it noarden binne der al om te oerwinterjen. Tagelyk is it no de tiid fan de trek fan de protters en de finken en dat leveret faak spektakulêre bylden op.