Nij ûnderkommen foar pensjon

It nije pensjon foar dakleazen yn Ljouwert is sneon iepene. It pensjon sit oan it Bonifatiusplein. De âlde Bonifatiusskoalle is ferboud ta opfangplak foar 24 dakleazen mei psychiatryske of ferslavingsproblemen. De bewenners ha in eigen keamer, mei in keukenblok en sanitêr.
It sosjaal pensjon wurdt al sûnt de simmer bewenne. Op it âlde plak fan it pensjon oan de Willemskade wie plak foar 16 minsken. It nije pensjon is op ien keamer nei al hielendal beset.